Boek
Auck Peanstra woeks op op Sitebuorren, in buorskip by Grou. It is eilantsje, men kin der allinnich oer it wetter komme. Dat wie in geswalk, nei skoalle ta, by 't simmer moast ien fan .e âlden har oer it wetter bringe en helje, by 't winter gyng it oer it iis.
It wie in iensume oarde dêr.t oars net folle oanrin wie as fan de post, de lapkepoep, de meunsternimmer en de bakker. Folle boarters wienen der ek net.
Mar lytse Auck fielde har net iensum en net achtersteld by de bern fan de buorren dêr't safolle mear ferdivedaasje wie. Foar har wie Sitebuorren in paradys dêr't se har fierdere libben oan weromtinke en nei weromlangje soe.
Brieven fan mem, troch in freondin trou bewarre, hawwe de stjit jûn ta it opskriuwen fan Auck har oantinkens oan Sitebuorren. De brieven fan mem binne sa'n fyftich jier âld, se datearje fan de tiid dat der gjin tillefoan wie op Sitebuorren. Stroom wie der doe ek net en gjin liedingwetter, sels in goede dyk ûntbriek. Foar de boerelju sil it in heikerwei west hawwe om de boel geande en draaiende te hâlden. Se sille útsjoen hawwe nei feroaring en ferbettering.
Lytse Auck net, foar har wie dy wrâld de moaiste dy.t bestean koe, wier, it paradys op .e ierde. En oer dy wrâld fertelt se mei leafde en soms wat weemoed. «
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Niemand