Boek
'Dit is myn sus.' Roelof raasde nei in groep dy't har entûsjast op de muzyk gean lieten. Freya joech hjir en dêr in hân. Se hearde nammen, seach gesichten mar wie alles daliks wer fergetten. It wie sa oerweldigjend! Se dûnsen ûnder de bleate himel, de stjerren skitteren tusken de diskolampen troch, as de muzyk in bytsje minder hurd wie hearde se it rûzjen fan de see en se fielde hoe.t de wyn har troch it hier streake.
De 14-jierrige Freya is foar it earst mei har âlden en har broerke op it tropyske Curaçao omt har broer dêr staazje rint. Se komt yn 'e kunde mei Guido, de maat fan har broer. As se mei him de salsa dûnset, wit se al gau: him wol ik ha, it kin neat skele wat ik der foar dwaan moat.
Ienkear werom yn Nederlân fernimt se dat de fakânsje net sûnder gefolgen bleaun is. Wat no?
~Freya liket der hielendal allinne foar te stean. Har geheim kin se net diele mei har heit en mem. Se moat mar sjen hoe.t se har út har pynlike sitewaasje rêdt.
Hanneke de Jong, bekend fan De lêste brief en Sterke skouders skreau mei Salsafamke in nij en tige oertsjûgend boek foar de jongerein fan tolve jier en âlder. De lêste brief en Sterke skouders binne beide ek oerset nei it Nederlânsk. En De lêste brief waard bewurke ta in multimediastik mei toaniel, filmkes en live muzyk. «
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Er zijn nog geen recensies voor dit boek.