Boek
Welmoed Aukema-van der Molen hat har libben geweldich goed op streek. Se wennet yn in skitterend hûs flakby see, bûten it doarp Bergen, mei har man Klaas en dochter Sabrina. Klaas hat in winkel yn elektryske apparaten en de saak rint as in trein. It giet harren goed.
Mar dan giet op in moarn betiid ynienen de bel. Fjouwer plysjeminsken foar de doar. Se komme foar Klaas. As bliken docht dat der oanjefte dien is omdat Klaas in pear jonge famkes oantaast hat, is Welmoed der slim foarwei. Mar as dan ek noch dúdlik wurdt dat hy net fan syn eigen dochter ôfbliuwe koe, stoart har wrâld yn.
Mei help fan freonen besiket se stadichoan har libben wer wat op e rails te setten.
In spannend, goed ferteld boek fan Jaap van Kammen. Hy hat net foar in maklik tema kiezen, mar wit it hiel sterk út te wurkjen. Nei syn debútroman De grutte klap, ek yn eigen behear útbrocht by útjouwerij Elikser, lit er sjen dat er groeid is yn syn skriuwersskip.
«
Boeklezers.nl is een netwerk voor sociaal lezen. Wij helpen lezers nieuwe boeken en schrijvers ontdekken, en brengen lezers met elkaar en schrijvers in contact. Meer lezen »
Niemand